Jonker Sikke Partij
Wat hiene wy moai waar op snein 5 juny 2016 op it sportfjild yn Mantgum by de Jonker Sikke Partij.
Spitich dat der mar 18 keatsers mei dienen, 17 hearen en ien dame (Lyssa van der Ende).
It sil him lein ha oan de dei der foar (Slachte Marathon) mar it bliuwt spitich foar de krânsemakkers, fjildlizzers, keatsbestjoer ensf., dat der net mear animo foar sa'n moaie keatspartij is. Eltsenien hat 3x keatst, mei elke kear oare maten, sa dat op it lêst 3 winners oerbleaune. 1e priis Jelle Terpstra, 21 punten foar / 6 punten tsjin 2e priis Bauke Jongbloed, 21 punten foar / 8 punten tsjin 3e priis Wisse Arendz, 21 punten foar / 10 punten tsjin De winners wiene tige bliid mei de itersbonnen beskikber stelt troch Ytkafee Jonker Sikke te Jellum. Te Jellum yn Ytkafee Jonker Sikke, dêr kinne jo lekker Bikke
Geplaatst op 05 June 2016